Hoofdtekst
Us heit wie in soan fan Teade Hietkamp en Liuwkje de Jong. Se wennen op 'e Tike. 't Wienen arbeidersminsken en sy hienen it och sa krap. Beppe gong wol to kreamheinen om der hwat by to fortsjinjen.
Us Anne-om en heit, dat wienen de beide âldsten.
Dan wienen der ek noch in Jehannes, in Feike en in Goaitsen en letter kom dêr noch in fanke by, dat wie Grytsje. Pake en die hienen earder in fanke hawn, dat wie tusken Anne-om en ús heit yn, ek in Grytsje, mar dat ha se letter wer forlern.
't Gebeurde yn 1867, nou krekt hûndert jier lyn. Pake en dy hienen doe allinne ús heit en ús Anne-om, de oare bern wienen noch net geboaren en Grytsje wie al wei.
Us beppe wie to kreamwarjen en heit en Anne-om boarten oer de flier.
It hûs hie in krimpe. Dêr gong de krimpedoar iepen en dêr komt in hiel lyts famke oanstappen. Hja sjocht de beide jonges dêr boartsjen. Hja leit de lytse beide hantsjes op 'e tafel en keart har om en sjocht wer nei de jonges en giet dan wer nei de krimpe ta.
Dan springe de beide jonges ynienen oerein en gean har nei, mar der is neat.
Even letter komt har mem thús.
"Hwat sitte jimme hjir forstuivere oer de flier to sjen," seit se.
Dan fortelle de beide jonges alles hwat se sjoen ha.
Beppe freget: "Ha jim ek sjoen hwat klean as se oan hie?"
"Ja," seinen se, "in blau jurkje mei pofmoukes, swarte hoaskes en in skelkje mei in lyts reat en wyt rútsje foar en mei in strookje om 'e hals."
Doe sei beppe tsjin har: "Dat famke hat deselde klean oan as dat wy forlern ha. It is ús Grytsje."

Onderwerp
sinsag 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Twee broertjes waren in huis aan het spelen. Opeens kwam er een klein meisje. Ze legde haar beide handjes op tafel, draaide zich om en keek naar de jongens. Vervolgens verdween ze weer achter een deur. De jongens gingen haar achterna, maar zagen niets meer. Ze vertelden hun moeder wat ze gezien hadden. Ze beschreven ook de kleren van het meisje. De moeder zei dat dat dezelfde kleren waren als hun zusje had aangehad toen ze stierf.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 240, verhaal 1
Commentaar
13 september 1967
Andere Tote spuken.
Naam Overig in Tekst
Teade Hietkamp   
Liuwkje de Jong   
Anne   
Jehannes   
Feike   
Goaitsen   
Grytsje   
Naam Locatie in Tekst
Tike   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21