Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024002

Een sage (mondeling), woensdag 13 september 1967

Hoofdtekst

Us heit hie forkearing mei in faem yn Marum (= Marrum). Hy roan dêr alhiel hinne. Hy kom dan yn 'e nacht werom en 't wie in hiel ein rinnen. Mar hy sei: "'k Wie noait binaud." Mar op in kear, doe hat er al binaud west.
Hy kom fan 'e faem werom. 't Wie om in ûre of ien hinne. De moanne skynde. Hy seach syn eigen skaed yn 't moanneljocht. Doe woarde hy ynienen in oar skaed dêrneist gewaer.
"'k Seach om," sei heit, "en doe wie dêr sa'n forskrikkelike greate houn as ik noch noait ien sjoen hie. En roetswart. 't Like wol in keal.
Ik wie der raer fan en doarst net mear om to sjen. En ik doarst ek hast net fierder to rinnen.
Mar ik moest dòch sjen, dat ik thús kom. Dat ik roan in eintsje fierder. It beest gong deun njonken my lâns. As ik stil stie, bleau hy èk stilstean. Ik switte as in oandrager. Fan kleare binaudens. Sa bin ik troch Sumar gien en sa sloech ik de Hearrewei yn, om op 'e Tike to kommen. Hy is mei my roan oan hûs ta. Doe is er fuort gien en hy fleach sa hurd as in hazze.
Hy hat my neat dien ûnderweis, mar hy roan tsjin 'e skonken oan. Ik haw de doar skoattele," sei heit "en it hart sloech my achtentachtich."


Onderwerp

SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Een jongeman kwam op een avond om een uur of een terug van zijn meisje. De maan scheen helder, en opeens zag hij naast zijn eigen schaduw een andere schaduw. Hij keek achterom, en zag een grote, zwarte hond. Het leek wel een kalf. Het dier is helemaal met hem meegelopen naar huis toe. Hij deed hem niets, liep alleen telkens tegen zijn benen aan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 240, verhaal 2

Commentaar

13 september 1967
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).

Naam Locatie in Tekst

Marum    Marum   

Marrum    Marrum   

Sumar    Sumar   

Hearrewei    Hearrewei   

Tike    Tike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21