Hoofdtekst
De duvel boude tabaksplanten. Dêr smookte er fan.
"Wist ik mar hwat er dêr yn 'e tún hat," sei in man, "dan bistelde ik it sied, hwant it rûkt sa lekker, as er smookt."
Mar de duvel woe net sizze, hwat it wie.
"Stil mar," sei it wiif tsjin har man, "ik wurd it wol gewaer." En doe smarde se har alhiel mei tar yn.
"Nou mastû my yn 'e fear birolje", sei se tsjin har man.
Doe't dat gebeurd wie, like se krekt in greate fûgel. Doe gong se nei de tún, dwars troch de tabaksplanten hinne. De tabaksplanten dêr rekken de blêdden fan stikken.
Doe rôp de duvel: "O, myn tabaksblêdden!"
Doe wist it minske genôch. Sy gong wer nei hûs ta en sei tsjin har man: "It binne tabaksblêdden, dêr't de duvel fan smookt." Doe wist de man de namme en koed er se bistelle. En doe koed er èk smoke. Syn wiif wie de duvel to glêd ôf west.

Onderwerp
AT 1091A - Guessing the Name of the Devil's Secret Plant   
ATU 1091A - Guessing the Name of the Devil’s Secret Plant.   
Beschrijving
Om erachter te komen van wat voor bladeren de duivel tabak rookt, loopt een vrouw, vermomd als een grote vogel, over de plantjes heen. De duivel roept dat ze moet uitkijken voor zijn tabaksbladeren, en dan weet de vrouw genoeg. Ze vertelt het haar man, en hij bestelt ook tabaksplanten.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 241, verhaal 7
Commentaar
27 juli 1967
Guessing the Name of the Devil's Secret Plant
Naam Overig in Tekst
Satan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21