Hoofdtekst
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane.
Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen der út as dragers. Sy hienen lange swarte jassen oan en hege huodden op.
Hinke bleau achter har. Sy koe dy mannen net gean hearre, hwant dêr ha wy har nei frege. Sy matte sweefd ha, hwant it wie froastich waer en dan kreaket de snie ûnder 't stappen.
Krekt foardat Hinke thús wie, sloegen de beiden it sydweike yn nei lofts dat op 'e Lange Wyk útkomt.
Letter wie der in âlde frou op 'e Lange Wyk wei.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een jonge vrouw kwam terug van het dansen, toen ze twee begrafenismannen zag. Ze hoorde niet hun voetstappen in de sneeuw: ze zweefden. Later is er een oude vrouw uit de buurt overleden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 248, verhaal 3
Commentaar
10 september 1967
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Bouke Poppinga   
Fjouwer Roeden   
Vier Roeden   
Naam Locatie in Tekst
Hinke   
Drachten   
Houtigehage   
Lange Wyk   
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21