Hoofdtekst
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan der op ôf. Hwant ik woe der mear fan wite. Ik wie der omtrint oan ta, doe stapte ik hjir of dêr op. Even hie 'k doe it gesicht fan 't ljocht ôf. Doe't ik wer seach, wie 't ljocht fuort.
It hat nei alle gedachten in wylde lantearne west. Hwant letter is dêr in hûs kom to stean. Jan Wopkes is dêr kom to wenjen.
It hat nei alle gedachten in wylde lantearne west. Hwant letter is dêr in hûs kom to stean. Jan Wopkes is dêr kom to wenjen.
Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een jongeman ziet op de terugweg van zijn meisje een licht. Als hij dichterbij komt, is het opeens verdwenen. Later is er een huis komen te staan. Het was een wilde lantaarn.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 248, verhaal 2
Commentaar
10 september 1967
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Jan Wopkes   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Krúswei   
Kruisweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
