Hoofdtekst
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun.
Doe gebeurde it, dat se beide tagelyk hwat wyts gewaer woarden.
"Dat is Nicolai syn dikke wite houn Castor", sei Albert-om. Mar heit sei: "Né, dat is hwat oars, sjoch mar."
Alde Klaze Marij wenne dêr tsjin 't sparreboskje oan. Dêr roan in dykje foar lâns. Heit stapte oer 't dykje. Hy woe wite hwat dat foar wyts wie. Doe seach er dêr in bern foar him stean, in famke. Dat wie wyt yn 'e klean. 't Stie op it paedtsje, fortelde heit en dêr stie ik ek. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht.
"It bern seach my oan," fortelde heit, "krekt as woe 't sizze: - Dû mast dêr wei gean. Dêr mat ik lâns.-"
Albert-om wie op 'e knibbels lizzen gong, sa binaud wie dy. "Sjochst it net?" sei er tsjin heit.
"Wis, sjoch ik it wol," sei heit, "mar ik woe wite hwat it is." It bern sweefde.
Heit gong oan 'e kant. Doe sweefde it bern troch in rit yn 'e dyk. Heit gong der ek troch. Doe bleau it bern op it paedtsje stean en it seach heit wer oan. Heit stie ek wer op it paedtsje. Mar doe stapte heit fan 't paedtsje ôf op 'e heide. Wylst hied er even it eech fan it bern ôf. En doe wie 't fuort. Samar. Ynienen. As wie 't troch de groun sakke.
Heit fortelde it thús. Doe sei pake: "Dat is gjin nijs mear, jonge. Der binne al safolle dy't dat bern dêr sjoen ha."
De minsken wienen bang en doarsten by nacht net op 'e Fûgelkamp to kommen. Se wienen bang dat se it bern dan treffe soenen. Dêr mat froeger us in bern formoarde woarn wêze. Se matte dat bern dêr doe yn 'e dobbe smiten ha. It bern hie gjin deaklean meikrige. Nou wolle se wol ha dat it bern dêr by dy dobbe hyltyd werkom om 'e klean.

Beschrijving
Een paar mannen waren op een nacht op bunzingjacht toen ze iets wits zagen. Ze gingen eropaf en zagen dat het een meisje in een wit kleed was. Het kind zweefde. Er was ooit een vermoord meisje daar in een meer gegooid. Nu kwam ze elke keer tevoorschijn omdat ze geen doodskleed had.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 249, verhaal 1
Commentaar
17 september 1967
Naam Overig in Tekst
Spinder   
Fokke   
Fûgelkamp   
Vogelkamp   
Albert   
Klaze Marij   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Nicolai   
Castor   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21