Hoofdtekst
Yn 'e Hamsterheide wie in fanke oan it útinoarstruijen fan mollebulten. Doe kom der in âld wiif by har. Dy frege har: "Fynst wol us hwat?"
"Né" andere it fanke.
"Dan mast mar us ûnder d_ mollebult sjen."
It fanke die it en doe foun se twa botsens.
Mar doe nom it âld wiif it fanke de mûtse fan 'e holle en flybke der yn. Mar it fanke wist, dat it âlde wiif in tsjoenster wie en sei: "Alde duvel, dû krigest my doch net" en hja sette hurd op hûs ta.
Dêr fortelde se alles oan har mem en doe weefde dy mei it âlde wiif ôf. Hja krige gjin lêst wer fan har.

Beschrijving
Een meisje was eens molshopen aan het uiteen strooien. Een oude vrouw zei dat ze eens onder een bepaalde hoop moest kijken. Daar vond het meisje twee muntstukken. Toen nam het oude mensje het meisje de muts van het hoofd en spuugde erin. Het meisje wist dat het een tovenaarster was. Ze riep dat ze haar toch niet zou krijgen, en rende hard weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 251, verhaal 23
Commentaar
december 1962
Naam Locatie in Tekst
Hamsterheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21