Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ025301

Een sage (mondeling), december 1954

Hoofdtekst

Frederik Hindrik, de stêdhâlder soe us to Dokkum komme. De fiskersfloat hie der krekt op út west en sy kommen mei in kanjer fan in garnael werom.
It algemiene bitinken wie, sy soenen in feestbanket jaen dat klonk as in klok en dêrby de prins de garnael oanbiede. Hiel Dokkum makke al tarissing ta it greate feest.
Mar doe kom der biricht dat de prins wie bihindere to kommen. Dat foel de minsken danich ôf. Syn bisite moest in skoftsje útsteld wurde.
Hoe moesten se nou mei de garnael? Dy moest sa lang yn 't libben bliuwe, mar sy moesten der foar soargje dat it beest net fuortswemme koe.
Dêrom bounen se de garnael in ketting oan en leinen him fêst oan in peal ûnder 'e greate Syl foar it stêdhûs.
Mar de prins hat noait yn Dokkum west. Hwat se mei de garnael dien ha, wyt net ien. Mar freget men hjoed-de-dei in Dokkumer: "Leit de garnael ek noch ûnder 'e Syl?" Dan sjocht er mar in bytsje prot. (Letter ha se fan garnael granaet makke)


Beschrijving

Stadhouder Frederik Hendrik zou eens naar Dokkum komen. De vissersboot was net uit geweest en had een enorme garnaal gevangen. Ze besloten die voor het grote banket klaar te maken. Maar toen kwam het bericht dat de prins niet kon komen, het bezoek werd uitgesteld. Ze besloten de garnaal in het water met een ketting aan een paal in leven te houden. Maar de prins is nooit meer gekomen, en niemand weet wat er met de garnaal is gebeurd.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 253, verhaal 1

Commentaar

december 1954

Naam Overig in Tekst

Frederik Hendrik    Frederik Hendrik   

Syl    Syl   

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21