Hoofdtekst
Aeltsje fan Sumarreheide moest us nei Burgum ta om bilesting to biteljen. Sy gong der rinnende hinne. Mar sy hie fiif en twintich goune to min en dat wie har yn 'e wei.
Aeltsje wie hwat bot yn har útdrukkings en hja sei sa by har sels: "Ik woe foar den duvel wol, dat ik fiif en tweintich goune foun."
En hwat gebeurde der? Dêr't it paed in bocht makke yn 'e Pasterijelânnen lei midden op 'e reed in giel briefke fan fiif en tweintich goune!
It koste Aeltsje striid, mar sy preuvele: "Heare biwarje my, dat ik it net opkrij!"
Yn 'e fierte krige hja in persoan yn 't eech, dy't nei har seach. Doe't hja werom kom, itselde paed lâns, wie 't briefke fuort.

Onderwerp
AT 0813 - A Careless Word Summons the Devil   
ATU 0813 - A Careless Word Summons the Devil   
Beschrijving
Een vrouw moest eens naar Burgum toe om belasting te betalen. Ze kwam 25 gulden tekort en dacht bij zichzelf: "Ik zou voor de duivel willen dat ik 25 gulden vond." Waar het pad een bocht maakte lag een briefje van 25 gulden. De vrouw bad tot God dat ze het niet op zou pakken. In de verte zag ze iemand die naar haar keek. Toen ze op de terugweg weer langs die plek kwam, was het briefje weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 253, verhaal 3
Commentaar
december 1954
A Careless Word Summons the Devil
Naam Overig in Tekst
Aeltsje   
Pasterijelânnen   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Burgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21