Hoofdtekst
By in minske op 'e Sumarreheide kom us in krûk en kannedrager oan 'e doar. Dat wie sa'n man - faek in poep - dy hie stienguod en porslein to keap. Dat siet yn in koer dy't er op 'e holle droech. Under yn 'e koer siet in kûle, dat hy slute moai om 'e holle hinne. Meast hie sa'n man earst in kessentsje op 'e holle, dêr't de koer dan bovenop kom. Noait hied er de hân oan 'e koer.
Hy frege by de doar: "Aerdich soun folk? Kin 'k jo hwat forkeapje, frou?"
"'k Soe net folle wite," sei se, "mar kom yn, myn man is lang net goed. Wy dokterje al in set mei him, mar wy fine gjin baet."
De krûk- en kannedrager nimt de pasjint us goed op en seit: "Ik sil us sjen as ik him ek helpe kin."
Hy hellet in lyts heakje ta de bûse út en docht dêr hwat guod oan. Hy makket der in lange tried oan fêst. De man mat it heakje trochslokke. Wylst sjocht de krûk- en kannedrager op it horloazje. De man mat in setsje stil lizzen bliuwe.
Dan komt de poep by him en bigjint oan 'e trie to lûken.
Hy seit: "Dêr is jou kwael." En hy hellet in hiel ein lintwjirm ta it kielsgat út.
De dokter, dy't der krekt ynkomt, stiet forsteld.
Mar de pasjint is genezen.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Er kwam eens een kruik- en kannendrager bij mensen aan de deur. De vrouw nodigde hem uit binnen te komen, en eens bij haar zieke man te kijken. De verkoper haalde een haakje uit zijn zak en deed er iets aan. Dit moest de zieke doorslikken. Even later trok de venter aan het draadje en haalde zo een lintworm uit de keel van de man. De patiënt was genezen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 253, verhaal 4
Commentaar
december 1954
Volksgeneeskunde
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21