Hoofdtekst
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn 't mûltsje.
De lju sloegen dêr gjin acht op, mar 't bern rekke bitsjoend.
Doe gongen se nei Piter Poes ta fan Sumarreheide. Piter Poes kom by dy lju mei de hounekarre. Hy sei: "Hjir komt geregeld in bolkoerrinster. Jimme matte der mar us om tinke, hwat dy docht. Hja tsjoent earst mei harsels en dan giet it mei har finger op it bern oer."
Doe hat er de kessens iepentoarnd. Dêr sieten hast fjouwer krânsen yn.
De oare moarns kom de bolkoerrinster wer. Mar doe woarde har it leksum lêzen. Hja mocht dêr noait wer komme.
It bern is wer better woarn.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een broodverkoopster kwam vaak bij mensen met een klein meisje. De vrouw zat vaak met het kind op schoot. Ze toverde dan wat onder haar kleren, en stak daarna haar vinger in de mond van het kind. Op een dag kwam een man met een hondenkar bij hen aan de deur. Hij zei dat de broodverkoopster hun kind betoverde. Toen ze het kussen van het meisje openmaakten, vonden ze er bijna vier kransen in. Hierna mocht de vrouw nooit meer komen. Het kind is weer beter geworden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 260, verhaal 5
Commentaar
4 september 1967
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21