Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026511

Een sage (mondeling), woensdag 23 augustus 1967

Hoofdtekst

Alde Dúfke, hjir fan 'e Harkema, dat wie ús buorminske. Dy koe kopkewippe. Op in kear doe wie ik dêr. Ik hie dêr in kopke kofje opdronken, doe seach se yn 't kofjedik.
Ik moest bifalle, mar dat wist ik doe sels noch net.
Dúfke sei: "Meitsje dy mar net al to bliid, ik siz dy net hwat it wurdt." Doe krige ik yn 'e gaten, hwer't se op doelde. Ik sei: "Nou wol ik it wite." Doe sei se it. It soe in jonkje wurde. Dat is ek útkom.
(Letter paste ik wol op, dat ik it kopke noait hielendal leech dronk, dan koe se neat sjen.)
De frou fan Rypke Atsma fan Eastemar, doe't dy noch jong wie, gong wol nei har ta doe't se noch faem wie. Sy woe graech wite of se Rypke ek ha soe, ja of né. Hja woe him graech ha. "Dû krigest him", sei Dúfke. Dat seach hja yn 't kofjedik. En 't is wòl sa útkom. Hja is mei him troud.


Beschrijving

Vrouw kan in koffiedik zien wat er in de toekomst gaat gebeuren. Ze ziet dat iemand zwanger is en het geslacht van het kind, een huwelijk.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 265, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Dúfke    Dúfke   

Rypke Atsma    Rypke Atsma   

Harkema    Harkema   

Eastemar    Eastemar   

Dúfke    Dúfke   

Rypke Atsma    Rypke Atsma   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Eastemar    Eastemar   

Oostermeer    Oostermeer   

Plaats van Handelen

Harkema    Harkema   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21