Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026514

Een mop (mondeling), woensdag 23 augustus 1967

Hoofdtekst

Der wie in man dy hie de hage knipt.
"Dat hast mei de forkearde skjirre dien", sei 't wiif.
"Né," sei de man, "dêr ha 'k de goeije skjirre ta brûkt."
"Dû liichste," sei 't wiif, "ik sjoch it wol oan 't knippen, dû hast de forkearde skjirre brûkt."
"En ik siz: - It wie de goeije -", sei de man.
"En ik siz: - 't Wie de forkearde -", sei 't wiif.
De man koe prate sa't er woe, hja hâldde har ein fêst.
De man woarde op it lêst sa lulk, dat hy krige it wiif beet en hy tilde har op en hy brocht har nei de feart ta en hy hâldde har yn 't wetter.
"Haw ik de goeije of de forkearde skjirre brûkt?" sei er; doe hied er har oan 'e middel ta yn 't wetter.
"De forkearde", sei se.
Doe treau er har oan 'e hals ta yn 't wetter.
"Wie 't de goeije of de forkearde?" sei er.
"De forkearde", sei se.
Doe treau er har kopke ûnder.
En wer frege er: "Wie 't de goeije of de forkearde?"
It minske koe neat sizze fansels, mar der kommen twa fingers boven wetter, en dy makken in biweging fan knippen.
Dêr woe se mei dúdlik meitsje, dat er de forkearde skjirre brûkt hie to knippen. Hja woè 't lêste wurd ha. (Pake fortelde dit)


Onderwerp

AT 1365B - Cutting with the Knive or the Scissors    AT 1365B - Cutting with the Knive or the Scissors   

ATU 1365B - Cutting with the Knife or the Scissors.    ATU 1365B - Cutting with the Knife or the Scissors.   

Beschrijving

Een man had eens de heg geknipt. Zijn vrouw beweerde dat hij daarvoor de verkeerde schaar had gebruikt. De man beweerde dat dat niet zo was. Ze bleven ruzie maken daarover. De man werd zo boos dat hij haar in het water zette. Nog steeds beweerde ze dat hij de verkeerde schaar had gebruikt. Toen hij haar koppie onder hield, maakte ze met twee vingers boven water een knipgebaar; ze moest en zou het laatste woord hebben.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 265, verhaal 14

Commentaar

23 augustus 1967
Cutting with the Knive or the Scissors

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21