Hoofdtekst
Us heit, Joeke Wybenga, wie ûnder tsjinst mei noch ien. Dat wie in Grinslanner en dy koe mear as in oar. It wie Imke de Jong. Dêr wie heit wol faek by.
Op in kear doe hienen se honger. Imke sei tsjin heit: "Sille wy togearre in bôlle keapje?"
"Jonge ja", sei heit. Doe gongen se in bakkerswinkel yn en kochten in bôlle. Heit lei in goune op 'e toanbank. Mar doe't er dat dien hie, lei de hiele toanbank samar ynienen fol gounen.
Doe sei heit tsjin Imke: "Dû mast ophâlde." Doe't er dat sein hie lei der mar ien goune mear.
It minske krige dy goune en joech it tofolle werom. (Ik frege har nei de bôllen, dêr't de toanbank fol fan wie, mar dat hie net sa west, sei se. Ek har soan biwearde, dat dat der net by hearde. Imke de Jong wie net in Grinslanner, mar in Fries A.J.)

Beschrijving
Een man is eens aan het werk met Imke de Jong, die kon toveren. Omdat ze zo'n honger hebben, besluiten ze een brood te kopen. In de bakkerswinkel legt de man een gulden op de toonbank. Opeens ligt de toonbank vol guldens. De man zei tegen Imke dat hij op moest houden, en meteen waren alle guldens verdwenen. De verkoopster nam de gulden en gaf te veel geld terug.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 273, verhaal 6
Commentaar
10 oktober 1967
Naam Overig in Tekst
Imke de Jong   
Joeke Wybenga   
Naam Locatie in Tekst
Grinslân   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21