Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ028322 - It slot mei de ezels yn 'e Sweach

Een sage (mondeling), 1951 - 1954

Hoofdtekst

It slot mei de ezels yn 'e Sweach
Yn 'e Sweach stie in slot, dêr roannen altyd ezeltsjes.
Dêr wie froeger us in man de marse by, dy frege dêr: "Mei it pak hjir wol stean?"
Dat woarde net tastaen. It pak kom yn 'e keuken to stean. Wylst de faem yn 'e keuken omskarrelt, sjocht se, dat it pak forweecht.
Hja giet nei de hear ta en freget om syn revolver.
"Hwat wolstû dêr mei?" seit de hear.
"Dêr wol ik mei sjitte op it pak," antwurdet de faem.
Hja krige de revolver en hja skeat.
Doe wie 't allegearre bloed.
Hja makken 't pak iepen en siet dêr in dwerch yn. Dy wie deasketten. Hy hie allerhande moardark by him, lyk as moardpriemmen, en ek in moardfluitsje.
't Wie nacht, hja hienen de doarren goed skoattele.
Hja wienen nou op har iepenst.
Op 'e stoepe lei 't ezeltsje.
Doe kommen dêr de dieven en rovers oanslûpen.
"Ia-ia-ia," baltte it ezeltsje oan ien tried wei.
De lju yn 'e Sweach tochten: "Hwat sil dit bitsjutte?"
En sy kommen fan alle kanten delsetten. Doe naeiden de dieven gau út.
Der kom in klok yn it slot, dy 't se by need lied koenen. En sûnt dy tiid hâldden se dêr altyd trije ezeltsjes.

Onderwerp

AT 0958C* - Robber in Shroud    AT 0958C* - Robber in Shroud   

ATU 0958C* - Robber in Shroud.    ATU 0958C* - Robber in Shroud.   

Beschrijving

Een marskramer vraagt of hij een pak mag achterlaten in een kasteel. De dienstmeid merkt echter dat het pak beweegt en ze schiet er met een revolver op. In het pak blijkt een dwerg te zitten met allerhande moordwapens. De bewoners van het slot sluiten de deuren goed. Die nacht komen er rovers, maar de ezel bemerkt hun komst en begint te balken. Het volk van het dorp komt kijken, en de rovers slaan op de vlucht. Uit dankbaarheid worden sindsdien bij het slot altijd drie ezeltjes gehouden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 283, verhaal 22 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

ca. 1953
Robber in Shroud

Naam Overig in Tekst

Sweach    Sweach   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21