Hoofdtekst
Myn wiif har pake en dy syn broer dy wienen sa sterk as hynders. Sy wennen hjir yn 'e mieden. 't Wienen Anders en Jehannes Piters.
De jonges dêrfan wienen ek wer tige sterk. Dikke Harm, Jan en Piter. 't Wienen keardels as beammen. Reitse Pel wenne yn Doezum.
Froeger hienen se noch gjin kunstdong. Dan hellen se klaeimodder op fan 'e terpen en dat kom oer 't lân. Dy klaei siet earst op in bult. As se it der wei hellen kom dêr in gat, in klaeisgat.
By Reitse Pel roan dêr doe in hynder mei in fôlle.
Op in snein-to-moarn kom Pel by 't klaeisgat, doe wie 't hynder dêr yn fallen.
Doe gong er hurd nei Anders ta. Hy sei: sa en sa. It hynder lei yn 't klaeisgat. As hy it der mei de jonges ek úthelje koe.
Anders sei: "Dat treft min. De jonges binne allegear nei tsjerke. Mar ik sil sels wol mei. Dan matte wy ek even by myn broer Jehannes oan. Dan binne wy mei ús trijen."
Underweis moesten se in herberchje foarby, dêr wenne in sekere Hazenberg yn.
Jehannes sei tsjin Reitse Pel: "Gean mar even foarút en helje in flesse jenever op."
Pel gong foarút om jenever.
Doe Jehannes en Anders nei it klaeisgat ta. Sy dienen 't hynder it tou om 'e hals. Jehannes koe 't rikke en koe 't by de sturt krije.
Se seagen elkoar even oan.
"Klear?"
"Ja."
En doe goaiden se 't hynder op 'e wâl.
Doe sprutsen se de flesse jenever oan. Reitse Pel hie oan ien of twa slokjes genôch. De beide oare mannen dronken de flesse togearre leech.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Twee buitengewoon sterke broers trekken moeiteloos een paard uit het mestgat en drinken een fles jenever leeg om de verrichte daad te vieren.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 287B, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
12 mei 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Anders   
Jehannes Piters   
Dikke Harm   
Jan   
Piter   
Reitse Pel   
Doezum   
Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Pel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21