Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ031305

Een sage (mondeling), woensdag 20 december 1967

Hoofdtekst

Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea.
Der hat my us in tsjoenster topakken hawn.
Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort de poppe yn 'e skoat, doe wie 't bern der noch mar krekt.
Noait koe ik de pop oan 't boarst krije. It bern woe mar net drinke. Nou jowe se 't bern de flesse, mar yn dy tiid moest it oan 't boarst. Ik koe myn tate net oan 't bern kwyt wurde.
Us buorwyfke kaem wolris by us. Dy hie in poppe fan in healjier. As dy by my oan 't boarst kaem, dronk er him sêd. Mar myn eigen bern dronk der net fan. Hoe't wy 't ek bisochten, 't joech neat. It wie nuver.
Myn mem sei: "Keapje in gleske en liz dat op 't boarst."
Dat dienen wy, mar it joech neat. It woe net.
Ik breide altyd foar in dochter fan Tsjallings Gjetsje. Dat wie Maeike. Sy wie mei in skipper troud. Dêr koe 'k goed mei.
Sy kaem us in kear by ús, doe wie 't jonkje al in wike of sawntjin âld. Sy seach my mei 't gleske pielen. Sy kaem op my ta en sei: "Hast it bern noch noait oan 't boarst?"
"Né", sei 'k.
"'k Bisocht it doch us", sei se.
Ik die it bern oan 't boarst en it bigong to drinken.
Myn man sei tsjin Maeike: "Dû kinst ek hwat fan 'e frije kunst."
"Dêr wyt ik neat fan", sei se. En doe gong se fuort.
Sûnt dy tiid hat it bern altyd drinke wold.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een vrouw is betoverd door een heks en kan haar kind niet aan de borst voeden. Van heksen moet er om de zeven jaar een sterven.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 313, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

20 december 1967
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Tsjallings Gjetsje    Tsjallings Gjetsje   

Maeike    Maeike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21