Hoofdtekst
It wie om healwei fjouweren yn 'e moarn. Myn man lei yn 't iene sliepkeammerke, ik yn 't oare. De doar fan elk sliepkeammerke stie iepen. Wy slepten allebeide. Doe seach ik ynienen yn 'e wenkeamer in mynhear. Hy wie hielendal yn 't swart. Hy hie 't wyt foar. It like hiel deftich. Hy bleau yn 'e keamer stean en makke in soarte fan bûging foar my. Ik seach even in oare kant út. Doe't ik wer nei him sjen soe, wie hy der net mear.
Ik ha forskillende doomnys frege hwat dat to bitsjutten hie. Der wie mar ien dy't it my goed útlizze koe, dat wie de herfoarme doomny fan 'e Harkema. Hy sei, it wie ús leaven Hear dy't by my west hie. It wie in teken dat er oer my tofreden wie. 't Wie de Geast fan de Heare.

Beschrijving
Een vrouw ziet middenin de nacht een in het zwart geklede heer met een witte boord een buiging voor haar maken. Volgens een bevriende dominee is dit de Lieve Heer zelf: het is een teken dat Hij erg tevreden over haar is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 315, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
6 januari 1968
Naam Overig in Tekst
Heilige Geest   
Lieve Heer   
Hear   
Geast   
Heare   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21