Hoofdtekst
Der wie in frou, dy hie ien kou. Dy wie o sa siik. Sy helle dûmny der by en sei: "Dûmny, wolle jo foar de kou bidde? Miskien wurdt er dan wer better."
Dûmny wie in guodlik man en liet him dêr ta oerhelje. Hy knibbele by de kou yn 'e stâl del, die de hannen gear en de egen ticht en sei: "Dêr leiste, beest der beesten. Kom oerein en wurd wer soun lyk as oare beesten."
De kou woarde wer better.
Letter rekke dûmny siik. Hy hie in swolm yn 'e hals en koe hast net sykhelje.
Doe kom dat wyfke by him en sei: "Dûmny, jo ha doe bidden foar myn kou en dy is wer better woarn. Nou kom ik by jo om foar jo to bidden." En sy knibbele del, die de hannen gear en de egen ticht en sei: "Dêr leiste, beest der beesten. Kom oerein en wurd wer better lyk as oare beesten."
Doe't de dûmny dy wurden hearde, moest er sa bot laitsje, dat de swolm yn syn hals briek troch en de man wie genêzen.

Onderwerp
AT 1845 - The Student as Healer   
ATU 1845 - The Student as Healer.   
Beschrijving
Een vrouw vraagt een dominee haar zieke koe te genezen. De dominee spreekt een bezweringsformule uit: 'Daar lig je, beest der beesten. Kom overeind en wordt weer gezond als de andere beesten'. De koe geneest prompt. Als de dominee zelf ziek wordt, bidt de vrouw voor de dominee. Ze spreekt dezelfde formule over de dominee uit als hij destijds voor haar zieke koe deed.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 323, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
18 januari 1968
The Student as Healer
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21