Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ032303

Een mop (mondeling), donderdag 18 januari 1968

Hoofdtekst

Der wie in matroas, dy hie in papegaei oan board. It skip forgong mei de matroas der by. De papegaei waerd ret en dy krige de widdoufrou fan 'e matroas. Dan hie se altyd noch in oantinken fan har forstoarne man. Mar de papegaei sei altyd mar: "Wie dat forrekte beest mar dea!" Dat hie de matroas him grif leard. Dat foun dy widdoufrou wol in bytsje forfelend.
Op in kear kom dûmny by har op bisite. Doe sei de papegaei ek wer: "Wie dat forrekte beest mar dea!"
De frou skamme har en lei de dûmny út, hoe't se oan dy papegaei kom wie, en hoe't se der dus eins wol hwat in sin by hie. Mar dy rare wurden dy pleagen har.
Doe sei de dûmny: "Ik wyt wol rie. Ik haw thús ek in papegaei. Dy is o sa froom yn syn praet. Dêr mat er mar in skoftsje by yn deselde keamer wêze. Dan komt it wol goed."
In pear moanne letter kom de frou by de dûmny om to hearren as de papegaei al hwat fatsoen leard hie. Mar it beest seach har net of hy rôp: "Wie dat forrekte beest mar dea!"
En de oare papegaei flapte der fuort oerhinne: "Dat uw bede verhoord moge worden!"

Onderwerp

VDK 0237G* - De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai    VDK 0237G* - De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai   

Beschrijving

Een matroos komt om bij een schipbreuk. De weduwe krijgt de papegaai van haar overleden man als aandenken. De papegaai onderscheidt zich door voortdurend 'Was dat verrekte beest maar dood!' te roepen. Als het dier dit ook in bijzijn van de dominee uitkermt, voelt de weduwe zich erg beschaamd. De dominee besluit het ongemanierde dier manieren te laten leren van zijn eigen, welgemanierde papegaai. Als de vrouw de vogel een paar maanden later wil gaan ophalen, roept het dier haar direct zijn lijfspreuk 'Was dat verrekte beest maar dood!' toe. De vrome papegaai besluit met een 'Dat uw bede verhoord moge worden'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 323, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

18 januari 1968
De fatsoenlijke en de onfatsoenlijke papegaai

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21