Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ032503

Een sage (mondeling), zaterdag 20 januari 1968

Hoofdtekst

Oan 't Wyldpaed lei in stik lân, dêr roan altyd in kat troch 't gjers. Dy hie dêr in fêst paed.
Der wie net in dier dat fan dat gjers frette woe. De eigners hienen dêr har nocht fan en sy seinen: "Dy kat sil dea."
Op in middei roan dy kat dêr wer lâns. Hja fangden him en dienen him yn in sek.
Doe ha se him yn 'e sek tsjin 'e muorre deaslein. Doe't se de sek iependienen, siet de kat der yn. Hy wie dea.
Hja lieten de kat yn 'e sek lizze. Se smieten de sek del mei de kat der yn.
Lytse Liuwe en Loltsje wennen oan it Wyldpaed.
In skoftsje nei't se de kat deaslein hienen, hearden se, dat it mei Lytse Liuwe net bêst wie. Hy lei op bêd en jammere freeslik fan 'e pine.
Hja soenen de kat út 'e sek helje, mar de hiele kat wie ta de sek út. Lytse Liuwe wie de kat. De kat hie net dea west. Katten binne taei.

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Mensen denken een kat doodgeslagen te hebben, maar komen bedrogen uit. Een man ligt jammerend van pijn op bed. De man is een heks: de kat was de heks in kattengedaante.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 325, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

20 januari 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Lytse Liuwe    Lytse Liuwe   

Loltsje    Loltsje   

Naam Locatie in Tekst

Wyldpaed    Wyldpaed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21