Hoofdtekst
Hindrik van der Veen fan Twizelerheide hie forkearing mei Iebeltsje, Dy wenne oan it Wyldpaed.
As Hindrik by har op siet, moest er altyd foar tolven wer fuort. Dat woe Iebeltsje bislist sa ha. Hindrik tocht, it wie nuver, dat dat altyd moest. Dat soe fêst in reden ha, tocht him, en hy woe wol us wite, hwat dy reden dêrfan wie.
Dat, op in kear, doe bleau er sitten.
Doe't it tolve ûre wie, wie Iebeltsje fuort.
Njonken him op 'e stoel lei in protsje klean.
Hindrik waerd sa kjel, dat hy siet dôf op 'e stoel. Doe't er wer ta syn sûpe en stút kaem, makke er gau dat er fuortkaem.
Hy hat noait wer nei Iebeltsje ta west to frijen.
Iebeltsje wie in nachtmerje.

Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Een jongen wordt altijd voor middernacht weggestuurd door zijn meisje. Zijn vriendin blijkt een nachtmerrie: als de jongen eens stiekem tot na twaalven blijft, blijft er alleen een hoopje kleren over van zijn meisje.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 325, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
20 januari 1968
Begegnung mit Mahr.
Naam Overig in Tekst
Hindrik van der Veen   
Iebeltsje   
Hindrik   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Wyldpaed   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21