Hoofdtekst
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta.
Klaes waerd sa binaud op 't lêst, dat hy gyng nei dûmny ta.
"Ik sil der us in kear mei Jo lâns gean", sei dûmny.
Dat gebeurde op in joun.
Doe't se by de hikke fan 't tsjerkhôf wienen, wie it wite ding der wer. Dûmny helle in wite bûsdoek ta de bûse út. Dy die er út elkoar en dy rikke er it wite skynsel op it tsjerkhôf ta.
"Ga jij duivel in de gedaante van een vrouw weg!" rôp er.
Kamstra is der letter wol faek wer lâns gien. Mar hy hat noait wer lêst fan it spoek hawn.

Onderwerp
SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   
Beschrijving
Een weduwnaar die zijn overleden vrouw bij leven altijd slecht behandeld heeft, wordt op zijn weg naar huis langs het kerkhof steeds lastiggevallen door een wit spook. De geest van zijn overleden vrouw wil wraak nemen. De dominee moet eraan te pas komen om het spook te verjagen: hij raakt het spook met een witte zakdoek aan en spreekt de bezweringsformule 'Ga jij duivel in de gedaante van een vrouw weg!' uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 326, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
25 januari 1968
Toter kommt wieder, um sich zu rächen.
Naam Overig in Tekst
Klaes Kamstra   
Kamstra   
Klaes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21