Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ032604

Een sage (mondeling), donderdag 25 januari 1968

Hoofdtekst

In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har net kwyt wurde. Alle nachten wie se by him. Dan wie se by him yn 'e keamer warber. Dan die se thé út it buske yn 'e trekpot en geat dêr wetter op.
Dat wie syn straf. Op 't lêst doarst er nachts net mear yn syn eigen hûske to wêzen. Dan gong er nei de buorlju ta om dêr to sliepen.

Onderwerp

SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.    SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   

Beschrijving

Een man die zijn huishoudster altijd slecht behandeld heeft, wordt na haar dood iedere nacht lastiggevallen door haar ronddolende geest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 326, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

25 januari 1968
Toter kommt wieder, um sich zu rächen.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21