Hoofdtekst
Yn 'e Frânske tiid woarden twa bruorren (Nederlanners) tidens in Frânske razzia pakt. 't Wienen twa Napoleonssoldaten. De beide bruorren woarden oer Drachtster Kompenije fierd oer de Marrewykster paden via de Dwarsfeart op nei Drachten.
Ien roan achter en ien roan foar. Dêr tusken yn de beide bruorren. Dy hienen tsjin elkoar sein: "Op 'e Marrewykster draei rame wy elk ien yn 'e feart."
Hja dienen it.
Der gong in paedtsje nei in ikeboskje ta. Dêr gongen se hinne en sy setten har nei wenjen yn 'e bosk. Ien fan har hie in klap krigen mei in stoaterse tabaksdoaze.
Tsien dagen ha se dêr yn 'e bosk tahâlden. Der kommen skoalbern lâns. Dy rôpen se oan. Se joegen dy bern tiding mei nei hûs ta. De froulju brochten har doe nachts iten.
Dit gebeurde krekt foar 1813.
Dit wienen dus jonges, dy't net opkommen (ûnderdûkers). Dizze jonges wienen neikommelingen fan in sekere Rus.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Franse Tijd   
Nederlandse   
Eise Poal   
Frânske   
Nederlanners   
Napoleonssoldaten   
Marrewykster   
Naam Locatie in Tekst
Poalen   
Drachtster Kompenije   
Dwarsfeart   
Drachten   
Rus   
