Hoofdtekst
Der wie in kastelein, dy hie in papegaei dy't alles neibaude.
Op in kear kom de brantkoopman. De kastelein sei: "Jow my noch mar tsien mudde anthrasyt."
Doe woarde er krekt út it café weiroppen.
De brantkoopman gong der doe ek út mar hy hearde dat ien him achternei rôp: "Nòch mar tsien mudde anthrasyt!"
"'t Komt klear", sei de brantkoopman, dy't net wiste dat de papegaei dat roppen hie.
Sadwaende brocht er twintich mudde anthrasyt by de kastlein.
De kastlein wie min to sprekken, hwant hy koe safolle brant net bitelje en hy hoefde safolle ek net to brûken.
Hy krige yn 'e gaten dat de papegaei him dy poets bakt hie. Hy woarde sa lulk dat hy pakte it beest en tramtearre it bot. Doe smiet er him bûtendoar yn 'e groppe.
De papegaei hie in skeane hals krige en wie bûten westen rekke.
Der wie in pater, dy foun it beest sa. Hy nom him mei en brocht him yn syn sel. Dêr kom de papegaei wer by.
De pater gong ta de sel út en de papegaei bleau allinne achter.
Hy seach in krúsbeeld oan 'e want en hy sei mei syn skeane hals: "Och heden, ha se dy hjir ek hinne brocht fanwege de swarte brant?"

Onderwerp
AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   
ATU 0237 - The Talking Parrot   
Beschrijving
De papegaai van de kastelein roept de brandstofverkoper 'geef nóg maar tien mud anthrasiet' na nadat de kastelein zelf dezelfde bestelling al heeft gedaan. Als de kastelein in de gaten krijgt dat de papegaai hem een poets gebakken heeft, smijt hij het dier zo hardhandig naar buiten dat de kop de vogel schuin op de romp staat. Als de papegaai meegenomen wordt naar het huis van een pater, vraagt het dier zich vertwijfeld af of Jezus - aan het kruis met de hals schuin - ook om brandstof heeft gevraagd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 329, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
onbekend
Magpie Tells why Sow is Muddy
Naam Overig in Tekst
Jezus   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21