Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033605

Een sage (mondeling), zaterdag 10 februari 1968

Hoofdtekst

Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha.
't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander.
Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west."
"Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake.
"Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse. De drank ûnder 'e klean hâlde. Der meije gjin fremde egen oer gean. Tink der om en hâld dy dêr oan. By de earste draei, dêrst' oer mast, sil in kat wêze. Dy hat it op it drankje forsjoen. By de twadde draei sille miskien wol tsien katten wêze. Hâld it drankje ûnder 'e jas. Lit gjin fremde egen oer de drank gean. Ast' thús komste mast it bern der opslach hwat fan yn jaen."
Underweis wienen de katten by him opsprong. Mar pake hâldde it guod stiif ûnder 'e jas, dat der gjin oare egen oer foelen.
Hy kom der bihâlden mei thús en 't jonkje is wer better woarn.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Wopke de duivelbanner geeft een vader een drankje mee voor zijn betoverde kind. Wopke verbiedt de vader vreemde ogen over het drankje te laten gaan en raadt hem aan het drankje zorgvuldig onder zijn jas te bewaren. Verschillende katten zullen proberen hem het drankje afhandig te maken om genezing te verhinderen, aldus Wopke. Wopkes voorspelling komt uit: de katten springen tegen hem op, maar de vader speelt het klaar het drankje heel thuis te krijgen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 336, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

10 februari 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21