Hoofdtekst
Der wie in faem, dy wenne by de boer.
Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin.
Dan komt der ien by de doar. It is de duvel.
Hy giet by de oaren sitten.
Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?"
"Né", seit se.
"Dy man hat ien goeije skonk en ien hynsteskonk."
"Oe hearken," seit se, "ik wol net by de duvel sitte. Hoe mat ik dêr mei oan?"
"Dû mast de tafel ôfnimme," seit de boer, "en dû mast de boarden ynelkoar sette. En dan matst se allegear foar syn fuotten stikken smite. En dan mast sizze: - Astû dy boarden hiel meitsje kinst, kinst hjir joun bliuwe, oars mast fuortgean - "
Dat hat dy faem doe dien.
Mar doe spotte de duvel de doar út.
De jouns gong de faem op bêd.
Mar de oare moarns lei se dea. Mei it aengesicht plat tsjin 'e muorre oan.
De duvel hie har formoarde.

Onderwerp
AT 1187* - Unfinished Work   
ATU 1187* - Unfinished Work.   
Beschrijving
Een gefrustreerd meisje dat bij een boer dient verklaart zelfs de duivel wel als vrijer te willen hebben. Prompt verschijnt de duivel - een mannetje met een paardenpoot - aan de deur. De boer raadt het banggeworden meisje aan aardewerk aan diggelen te gooien. Het meisje moet de duivel vervolgens vragen de borden weer heel te maken. Als het meisje doet wat haar opgedragen is, druipt de duivel af. Het meisje ontkomt op dat moment aan de duivel, maar wordt de volgende ochtend dood in bed aangetroffen. De duivel heeft haar vermoord.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 337, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
23 februari 1968
Unfinished Work
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21