Hoofdtekst
Ik wie wees en bin greatbrocht by Hindriks Trui, dat wie de mem fan Jehannes Jager. Dy hienen in winkeltsje. Jehannes wie doe noch yn 'e hûs. Ik slepte by Jehannes yn 't selde bêdsté. Jehannes hie altyd lêst fan nachtmerjes. Bouke Schievink siet sûnder kosthûs.
Jehannes sei tsjin Trui: "Kin Bouke wol by ús yn 'e kost?'
"Dat kin wol," sei Trui, "mar dan matte jimme mei jimme trijen op ien bêd sliepe." Dat wie gjin biswier.
Jehannes die fan alles om 'e nachtmerjes to kearen.
Doe wie der ien dy hie sein: "Moal struije op gesicht en hannen en op 'e tekkens en op 'e rânne fan 'e bêdsplanke." Jehannes sei dy deis: "Hat mem moal?"
"Ik ha genôch moal yn 'e winkel", sei Trui. "Mar der stiet ek noch hwat yn 'e kost. Dat matte wy earst mar opbrûke." Doe fortelde Jehannes hwat er heard hie.
"As in nachtmerje moal oan har krijt, kin se net wer fuortkomme. Dan bliuwt se by my op 't fuottenein sitten. Dan sil 'k se moarn fange. Dan giet se dea. Hwant ik formoardzje har fuortdaliks."
Doe't it bêdtiid wie gongen wy op bêd. Ik stapte tusken Bouke Schievink en Jehannes Jager yn. Dat wie myn plak. Ik moest moal struije, dat Trui my jown hie. 't Wie âld moal út 'e kast. Ik struide by Jehannes moal op 'e tekkens en op 't gesicht en oeral.
Bouke sei: "Strui my ek mar hwat moal op 't gesicht, sy kin har us fortaeste." Ik die it. Doe joegen wy ús del. Ik tusken de beide oaren yn. Ik wie folle jonger.
Yn 'e nacht sei Jehannes: "Hwat haw ik in jokte."
Bouke sei: "Ik forskuor my ek fan 'e jokte."
"'t Jokket my sa op 'e foarholle en op 'e wangen", sei Jehannes. Sy ha de hiele nacht gjin wink yn 'e egen dien.
De oare moarns sei 't âld-minske (Trui): "Sy hat der fannacht net west, wol jonge?"
"Né", sei Jehannes.
"Dan hat it holpen. Moarnjoun mar wer. Krekt sa lang ast har fangd hast."
"Ik fordom it", sei Jehannes.
Bouke sei: "Ik bliuw hjir net. Ien nacht is my genôch."
(It wie âld moal dat Trui jown hie. Dêr hie in protte myt yn sitten. Dêrtroch hienen se sa'n jokte hawn.)

Onderwerp
SINSAG 0291 - Mensch von Mahr beritten   
Beschrijving
Om nachtmerries te weren moet je meel op gezicht, handen, dekens en de rand van de beddenplank strooien. Als een nachtmerrie namelijk meel op zich krijgt, kan ze niet wegkomen: ze moet dan aan het voeteneind blijven zitten. Een stel mannen probeert dit middel uit maar krijgt vreselijke jeuk omdat het meel oud is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 338, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
15 februari 1968
Mensch von Mahr beritten
Naam Overig in Tekst
Hindriks Trui   
Trui   
Jehannes Jager   
Jehannes   
Bouke Schievink   
Bouke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21