Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ034609

Een sage (mondeling), zondag 03 maart 1968

Hoofdtekst

Wy hienen trije bargen. It wienen dikke lopers en heit wie der tige wiis mei. Wy wennen yn Twizelerheide. Mar doe woenen dy bargen samar ynienen net mear drinke en frette. Sy woenen wol, mar de earme dieren koenen net. Dat hat wol in wike duorre.
Doe hat heit dy bargen forkocht oan in bakker op 'e Sweach (Kollumersweach). Doe't dy se hie, groeiden se wer as koal.
De freeds gong heit nei stêd ta om oare bargen to keapjen. Hy sei tsjin my: "Nou mastû wylst de stâl skjinmeitsje. Der komme joun nije bargen yn."
Ik makke de stâl skjin en dêr foun ik yn 'e hoeke, dêr't de bargen altyd leinen, trije krânsen fan bargehier. Dy wienen noch fan 't hier fan 'e foarige bargen. It wienen prachtige roune krânsen. Ik gong der mei yn 'e hûs en liet se mem sjen.
"O heden," sei mem, "dan wienen dy bargen bitsjoend. Nou wol 'k wol leauwe, dat dy dieren net frette woenen. Dy stumpers koene net." Sy fleagen by de sketten op fan 'e honger, mar sy koenen der neat troch krije. De trêdde krâns wie omtrint fol.
Us buorman wie skoalmaster. Dy koe fotografeare. Dy hat doe in foto fan dy trije krânsen makke en dy foto hat noch yn 'De Prins' stien. 't Sil yn 1908 west ha.
Doe't dy krânsen út it hok wei wienen, ha wy noait wer sike bargen hawn.

Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Zieke varkens die weigeren te eten blijken betoverd. In een hoek van de stal worden drie heksenkransen van varkenshaar gevonden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 346, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

3 maart 1968
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Sweach    Sweach   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Kollumersweach    Kollumersweach   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21