Hoofdtekst
Der wie in doomny, die kom op birop to preekjen. Mar hy preke sa koart, dat binnen 't healûre wie alles bisljochte.
De tsjerkerie sei tsjin him: "Dit liket nergens op. Jo preekje fiersto koart."
"Och," sei dûmny, "dat komt, myn gebit is by de toskedokter, dat nou kin 'k net sa bêst prate op 't stuit. Dêrom ha 'k mar koarte tiid preke."
In skoft letter preke dyselde dûmny dêr wer op birop. Mar doe duorre 't wol twa ûren foar't er klear wie. Der kom gjin ein oan 'e preek, alle liuwe sieten op 't lêst to gapjen.
"Hoe komt dit sa?," sei de tsjerkerie, "jo preekje fiersto lang man."
"Och," sei de dûmny, "dat sit sy sa, ik ha 't gebit fan myn frou yn 'e mûle. 't Oare is noch net klear. En jo witte, froulju, as dy ienkear op 'e tekst binne, dan hâlde se net wer op. Dat sadwaende."

Beschrijving
Een dominee zegt de preek in een half uurtje af te raffelen omdat zijn gebit bij de tandarts is. Korte tijd daarna verveelt dezelfde dominee de kerkgangers met een ellenlange preek van wel twee uur. De dominee verklaart het gebit van zijn vrouw in te hebben en 'als zij eenmaal praat, houdt ze niet meer op'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 351, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
25 maart 1968
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21