Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035407

Een sage (mondeling), vrijdag 08 maart 1968

Hoofdtekst

Biesterveld wenne yn Drachten oan 'e Dwarsfeart.
Dêr wie elkenien binaud foar, hwant hy wie in moardner. Net ien dy't him fortroude. Hy wie ek in rover.
Op in kear doe siet er yn 'e herberch. 't Wie yn Garyp.
Doe kom der nòch in man yn 'e herberch. Dy man dy moest nei Drachten ta. Hy hie in tas mei jild yn 'e hannen.
De kastlein seach hoe't Biesterveld dêr skean nei loerde. Doe tocht er: "Bliksem, dat komt net goed."
Biesterveld en de man mei de jildtas gongen tagelyk út 'e herbech wei. Sy koenen moai meielkoar oprinne, hie Biesterveld sein.
De kastlein sei tsjin 'e feint: "Slach it hynder mar foar de tilbry."
Doe sette er dy twa achternei. Doe't er in skoftsje ûnderweis wie, helle er se yn. Biesterveld droech de tas al.
De kastlein sei tsjin 'e man njonken Biesterveld: "Wol mynhear mei ride?"
Doe joech Biesterveld him de tas wer en de oare stapte yn.
De kastlein hie him it leven ret.

Beschrijving

Een rover - genaamd Biesterveld, tevens een beruchte moordenaar - heeft het op een tas met geld van een andere kroegganger voorzien. Als de rover attent aanbiedt de tas te dragen, zet de kastelein de achtervolging in op de twee mannen. Hij redt de ene man het leven door hem een lift te geven.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 354, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

8 maart 1968

Naam Locatie in Tekst

Biesterveld    Biesterveld   

Drachten    Drachten   

Dwarsfeart    Dwarsfeart   

Garyp    Garyp   

Biesterveld    Biesterveld   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21