Hoofdtekst
Der wie in boerke yn Drinte. Dy moest nei Haerlem ta. Hy seach bot tsjin 'e reis oan, hwant hy wie noch noait fuort west. Doe seinen se tsjin him, de Hollanders, dat wienen greate gekoanstekkers. Sy seinen altyd krekt it omkearde fan hwat men dwaen moest.
Doe't it boerke yn Haerlem wie, stapte er yn 'e tram. Hy neamde de kondukteur it adres, dêr't er hinne moest.
"Né," sei de kondukteur, "dêr stopje ik net. Mar ik ryd der wòl lâns. Mar ik wyt wol ried. As wy der oan ta binne, sil 'k hiel stadich ride litte en dan warskôgje ik jo wol. Dan matte jo der út gean, en mei de iene hân de stange beet pakke en sa mei de tram oprinne."
Doe't se dan oan 't plak ta wienen bigong de tram hiel stadich to riden. De kondukteur joech it boerke de wink.
Dy stapte út, mar krekt oarsom as de kondukteur sein hie. Hy roan tsjin 'e gong fan 'e tram yn, dat hy foel achteroer. Krekt mei de achterholle yn 'e hounestront.
De kondukteur stie foar 't glês en lake en rôp him ta: "Dat had je andersom moeten doen!"
"Ja, dat dacht je maar," sei 't boerke, wylst er oereinklaude, "dan had ik er met mijn smoel in gelegen."

Beschrijving
Een boertje uit Drenthe, dat nog nooit uit zijn geboortestreek geweest is, moet tegen zijn zin in een tochtje naar Haarlem ondernemen. De Drenthenaren waarschuwen hem voor de malle fratsen van die Hollanders, omdat zij altijd precies het omgekeerde zeggen van wat je moet doen. Als het boertje in Haarlem op de tram stapt, vertelt de conducteur dat de plaats waar het boertje moet zijn geen halte is. De conducteur belooft echter heel zacht te rijden en legt hem uit op welke manier hij veilig uit de rijdende tram kan komen. Het boertje doet hetgeen de conducteur hem aanraadde precies omgekeerd en belandt met zijn achterhoofd in de hondenpoep. Als de conducteur hem toeroept dat hij het net andersom had moeten doen, zegt het boertje verontwaardigd 'dan had ik er met mijn smoel in gelegen'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 355, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
29 maart 1968
Naam Overig in Tekst
Drinte   
Haerlem   
Drentenaren   
Hollanders   
Naam Locatie in Tekst
Drenthe   
Haarlem   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21