Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035802

Een sprookje (mondeling), woensdag 03 april 1968

Hoofdtekst

Hjir yn 'e Kompenije wenne in skuonmakker. Dy hie in hele domme feint.
De skuonmakker stjûrde him us in kear nei Mearum ta om pik to heljen.
't Wie doe allegear noch heide. De jonge moest skean oer de heide hinne. Hjir en dêr sieten petgatten yn 'e heide.
Doe't de jonge syn pik hie seach er op 'e weromreis in hazze yn 'e heide sitten. En dêr goaide er mei syn klute pik op. Hy rekke dy hazze krekt op 'e kop, dat dy wie opslach dea.
Mar it like hwat raer mei dy hazze. Hy hie sa'n bluoddrige kop. Dêrom gong dy jonge nei in petgat ta om de kop fan 'e hazze hwat ôf to spielen. Mar wylst er dat die, kom der krekt in snoek oanswemmen. Dy aze op dy bluodderige kop. De snoek hâldde de kop fêst en de jonge de achterein fan 'e hazze. En sy skuorden elk om 't hurdst. Mar de jonge wie sterker fansels. Wylst er de hazze út it wetter skuorde kom de snoek mei in wide bôge yn 'e heide tolânne.
Doe moest er dy snoek èk mei ha. Mar dat wie noch net iens alles. Dy snoek dy lei krekt by in einenêst mei tolve aeijen.
Dat sadwaende kom dy jonge thús mei in hazze en in snoek en noch mei tolve eineaeijen.
Doe sei de skuonmakker: "Dû bist snoader as ik tocht hie, hwant dit hie ik net kind."

Onderwerp

AT 1890F - Lucky Shot: Miscellaneous Forms    AT 1890F - Lucky Shot: Miscellaneous Forms   

ATU 1890F - Shot causes a Series of Lucky or Unlucky Accidents    ATU 1890F - Shot causes a Series of Lucky or Unlucky Accidents   

Beschrijving

Een schoenmaker stuurt zijn domme knecht eropuit om pek te halen. De domkop verbijstert zijn baas door met een buit van een haas, een snoek en twaalf eendeneieren thuis te komen. De schoenmaker concludeert dat de knecht niet zo onnozel is als hij dacht.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 358, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

3 april 1968
Lucky Shot: Miscellaneous Forms

Naam Overig in Tekst

Kompenije    Kompenije   

Mearum    Mearum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21