Hoofdtekst
't Wie op in sneinemoarne.
Doe sei de stikelbaerch tsjin syn frou: "Ik sil us even op 't lân nei de koal sjen." Hwant de frou dy soe de bern forskjinje. As er werom kom soenen se kofje ha. Doe kom de stikelbaerch op 't lân en doe wie de hazze dêr ek krekt.
De hazze smeulde op 'e koarte poatsjes fan 'e stikelbaerch.
"Och, hwat soestû mei dyn lange skammels", sei de stikelbaerch. "Ik doar noch wol tsjin dy hurdrinne."
"Ofpraet," seit de hazze, "dan mat dat dalik mar wêze."
Mar de stikelbaerch sei: "De frou wachtet mei de kofje. Ik mat nou earst nei hûs."
"Goed," sei de hazze, "dan fan'emiddei mar."
De stikelbaerch kom thús en fortelde syn frou dat er mei de hazze om 't hurdst rinne soe.
"Dû greate gek," sei 't wyfke, "dat kinst noait winne."
"Dû mast my helpe", sei de stikelbaerch.
"Hoe dan?" sei de frou.
"Wy lykje krekt op elkoar", sei de stikelbaerch. "Dû giest op 'e iene ein yn 'e groppe sitten en ik op dizze ein. En as de hazze der oankomt, dan ropstû: "Ik bin der al! Nou, dan wol de hazze wèr, fansels."
"En dan rop ik: - Ik bin der al -", sei't wyfke, dy't fuortdalik troch hie hwat er woe.
Sa ha se 't dan de middeis dien. En sy ha acht en tachtich kear roan.
Doe foel de hazze dea del.
(Sa fortelde pake it)

Onderwerp
AT 0275A* - Race between Hedgehog and Hare   
ATU 0275C - The Race between Hare and Hedgehog.   
Beschrijving
Een stekelvarken gaat een hardloopwedstrijd aan met een hem bespottende haas. Hij misleidt de haas door zijn vrouwtje - met identiek uiterlijk - dichtbij de finish op te stellen. De haas valt dood neer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 358, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 april 1968
Race Between Hedgehog and Hare
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21