Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036501

Een mop (mondeling), dinsdag 16 april 1968

Hoofdtekst

Der wie in jong pearke, dat wie krekt troud.
Deselde deis noch moest de jonge man nei 't Kanael (= Stêdskanael) ta to baggeljen. It jonge wyfke bleau allinne thús. De man bleau wol twa moannen lang wei, ear't er thús kom. Hy hie in moaije knoarre jild fortsjinne, mar hy wie warch.
De frou forsoarge him hiel bêst. Hja wie bliid dat it tiid wie fan op bêd, mar hy foel fuort yn 'e sliep. De oare moarns lei de frou wekker, mar har man sliepte noch. 't Wie acht ûre, sy makke him wekker. Hy docht de egen iepen en sjocht nei bûten.
"Hoe let is 't ?" freget er.
"Acht ûre", seit se.
"O heden," seit er, "fiersto let. Ik mat der fuort ôf."
It wiif hat de duvel yn ûnder 't kofjedrinken.
Sy ha in pear hintsjes en in hoanne. As de hoanne der oankomt, dûkt ien fan 'e hintsjes har mei de wjokjes útinoar. Mar de hoanne taelt der net nei en stapt troch.
As it wiif dat sjocht, seit se tsjin 'e hoanne: "Hastû ek nei 't Kanael west to baggeljen?"
Foar hûs ha de jongelju in poeltsje. Dêr is in hearke yn en in eintsje. De hearke bitrekt it eintsje en it eintsje sinkt sahwat ûnder wetter.
De jongelju sjogge it beide. De frou seit: "Sa mastû nou ek us mei my dwaen."
Dy deis is it wiif op it stap om it linnen út to spielen, yn 't selde puoltsje. Dêr komt har man oanslûpen. Hy krijt har beet en hâldt har fluch ûnder wetter.
"Hwat hast nou om hâns?" ropt se kjel.
"Nou," seit er, "dat woestû ommers. Dêr hastû om frege!"

Beschrijving

Een vrouw is humeurig omdat haar man niet aan de echtelijke plicht voldoet. Ze wijst hem op parende eendjes, zeggend 'dat moet je ook eens bij mij doen'. De domme man besluipt zijn vrouw en duwt haar onder water als ze het linnen aan het uitspoelen is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 365, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

16 april 1968

Naam Overig in Tekst

Kanael    Kanael   

Stêdskanael    Stêdskanael   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21