Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ037108 - De zilveren gespen

Een sage (mondeling), vrijdag 05 april 1968

Hoofdtekst

De sulveren gaspen.
Der wie in dokter yn Burgum en der wennen earme minsken yn Eastemar. Dy minsken hellen altyd de medesinen fan 'e dokter op foar de pasjinten yn Eastemar. Dêr koenen se in krom mei fortsjinje. De bern dienen dat meastal.
Mar doe kom dy frou hiel bot yn 'e earmoed to sitten, hwant har man stoar. Sy bleau allinne mei de bern sitten as in earme widdou.
De man hie skuon mei sulveren gaspen. Foar't er stoar hied er syn frou bilove litten dat dy sulveren gaspen, dy moesten der bliuwe foar ien fan syn jonges. Dy moest se letter op 'e skuon ha.
Mar, omt de frou sa yn earmoed forkearde, forkocht se op in dei de sulveren gaspen.
De bern gongen geregeld nei de dokter yn Burgum om medesinen op to heljen foar de lju fan Eastemar. Dan moesten se de Eastemarre wei lâns.
Doe seinen dy bern op in kear, sy doarsten dêr net wer lâns, hwant sy woarden dêr altyd oanhâlden. Doe sei de mem: "Dan sil 'k sels wol mei. Mar doe wie dêr ûnderweis op 'e Eastemarrewei itselde forskynsel west. 't Wie de geast fan har forstoarne man. Doe doarst hja der ek net lâns.
Sy gong nei de doomny ta en fortelde him hwat se sjoen hie. Sa en sa, sei se. "Dy moeting hie ik op 'e Sumarre wei. Nou doarre wy der net mear lâns. Wite jo rie?"
Doe sei de doomny: "As jimme dêr wer hinne matte gean ik mei."
Dat gebeurde. Doe kom itselde forskynsel wer foardendach.
De doomny spruts it oan. Doe sei de geast: "Ik kin gjin rêst krije, hwant myn frou hat my biloofd, hja soe de gaspen biwarje foar ien fan myn jonges, en nou hat se se forkocht."
Doomny sei: "Ik sil sjen dat ik dy sulveren gaspen wer bisette kin. Dan komt alles goed."
De doomny hat dat bioardere en doe koenen dy bern wer fredich nei Burgum ta gean om medesinen.
Sy ha dy forskining noait wer sjoen.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een arme man liet zijn vrouw beloven de zilveren gespen op zijn schoenen nooit weg te doen, maar voor hun zoon te bewaren. De man kwam te sterven en de vrouw moest uit armoe toch de gespen verkopen. Maar hierdoor kon de dode geen rust vinden, en als geest verscheen hij aan de vrouw en de kinderen. De dominee sprak de geest aan en zorgde er toen voor dat de gespen terug bij het gezin kwamen. Toen hebben ze de verschijning nooit meer gezien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 371, verhaal 8

Commentaar

5 april 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21