Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ037111

Een mop (mondeling), vrijdag 05 april 1968

Hoofdtekst

Der wie us in doomny, dy koe bot opsnije. Hy makke it altyd moaijer as dat it wie en it lei der dik op. Fral yn 'e preken wie dat skoan to fornimmen.
De tsjerkerie sei: "Dit mat al oars. Wy matte der mei him oer prate." Mar der wie net ien dy't dat doarste. De winkelman sei: "Ik ha sa'n beste klant oan him, ik sil wol oppasse, hwat ik doch." En sa hie de iene dit biswier en in oaren dat.
Doe sei der ien: "Wy sizze 't tsjin 'e koster, as dy der mei doomny oer prate wol."
De koster wie in forstânnige man. Hy gong nei doomny ta.
"Doomny," sei er, "ik mei jo graech preekjen hearre. Mar jo dikje de dingen to bot oan. Ik kin my soks bêst yntinke as men yn 't fjûr fan 'e rede is."
"Krekt," sei doomny, "dêr komt it fan."
"Mar ik wyt wol ried", sei de koster. As jo wer sa bot yn 't fjûr fan 'e rede binne en jo slagge hwat troch, dan siz ik hmm- en dan forbetterje jo 't gau even.
"Ofpraet", sei doomny.
De snein-to-moarns preke de doomny oer Simson.
Simson dy fangde foksen. "Met zulke lange staarten", sei er. En doe hâldde er beide earmen wiid-út.
"Hmm", sei de koster.
"Neen, zo", forbettere de doomny, en de hannen kommen hwat tichter by elkoar.
"Hmm", sei de koster.
"Neen, zo", sei de doomny en hy makke de earms noch hwat koarter.
"Hmm", sei de koster.
"Neen, zo", sei de doomny wer en noch koarter woarde de ôfstân fan syn beide hannen.
Doe sei de koster wer "hmm".
"Ja hoor eens koster," sei doe de doomny, "korter kan 't niet, want dan kunnen wij de staarten niet meer aan elkaar krijgen."


Onderwerp

AT 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie    AT 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie   

ATU 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie.    ATU 1920D - The Liar Reduces the Size of his Lie.   

Beschrijving

Een koster sprak de dominee er op aan dat hij vaak zo overdreef in zijn preken. Ze spraken af dat de koster voortaan 'hmm' zou zeggen als het weer misging. De volgende zondag zei de koster wel vier keer 'hmm', en elke keer maakte de domine de staarten van de vossen die Simson vindt, weer korter. Maar bij de laatste keer zei de dominee dat die staarten echt niet korter konden, omdat ze ze dan niet meer aan elkaar konden krijgen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 371, verhaal 11

Commentaar

5 april 1968
The Liar Reduces the Size of his Lie

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21