Hoofdtekst
De wolf en de sawn geitsjes
De moedergeit wenne mei sawn lytse geitsjes yn in boskhutsje.
Doe sei mem: "Ik mat even nei de stêd en ik mat hwat helje en nou matte jimme de doar net iepen dwaen. Net earder as dat ik wer thús kom."
Doe duorre 't mar in skoftsje of dêr kom de boze wolf oan. Dy kloppe oan 'e doar.
"Ik bin jim mem," sei er, "ik bin wer thús."
"Né," seinen de geitsjes, "dat is ús mem net. Us mem hat in hiel oar lûd."
Doe gong de wolf fuort. Hy helle hwat kryt en iet it op. Doe gong er wer nei de boskhutte ta dêr't de geitsjes wennen. Hy hie nou in fynder lûd.
Mar de geitsjes fortrouden 't net en seinen: "Stek de foet us út."
Doe hied er in swarte foet.
Doe seinen se: "Us mem hat in wite foet, dat jo binne ús mem net."
Doe gong de wolf nei de bakker, helle in poun moal en dat struide er oer de poat. Doe hied er in wite poat.
Doe gong er wer nei de hutte ta en hy liet syn poat sjen.
De geitsjes fortrouden it nou en dienen de doar iepen. En dêr fleach de boze wolf yn 'e keet om. Hy iet seis geitsjes op, mar de sawnde wie weikrûpt yn 'e kast.
Doe't de wolf dy seis geitsjes opiten hie, doe gong er op bêd lizzen. Hy slepte al gau.
Doe kom de âld geit thús. It lytse geitsje siet yn 'e klok en dy fortelde alles hwat der gebeurd wie.
Doe ha se togearre gau in jager ophelle. Dy hat de boze wolf iepen snien wylst er lei to sliepen. Doe sprongen de seis geitsjes der wer út.
De jager lei der stiennen foar yn 't plak en doe naeide er de wolf wer ticht.
Doe't de wolf wekker woarde, gong er nei de beek ta to drinken. Mar doe woarde er kopswier fan de stiennen, hy foel yn it wetter en forsûpte.

Onderwerp
AT 0123 - The Wolf and the Kids   
ATU 0123 - The Wolf and the Kids.   
Beschrijving
Er was eens een oude geit met zeven jonge geitjes. Elke dag ging de oude geit weg om voor eten te zorgen. Ze waarschuwde haar kinderen altijd niet voor de wolf open te doen. Op een keer kwam de wolf. De jonge geitjes vroegen hem zijn poot te laten zien, en toen zagen ze dat hij niet hun moeder was, maar de wolf. Ze zeiden dat hun moeder een witte poot had, en dat ze dus niet opendeden. Hierop stak de wolf zijn poot in de meel en ging hij weer terug naar het huis. Nu lieten de geitjes de wolf wel binnen, want hij had een witte poot. De wolf at alle geitjes op, maar eentje wist er te ontkomen. Toen moedergeit thuiskwam, vond ze alleen hem nog, in de staande klok. Hij vertelde wat er gebeurd was. Samen gingen ze er toen op uit om de wolf te zoeken. Ze vonden hem slapend onder een eikeboom bij de vijver. Moedergeit sneed zijn buik open en haalde de zes geitjes eruit. Toen deed ze wat stenen in zijn buik, en naaide hem weer dicht. Toen de wolf later wakker werd, had hij een verschrikkelijke dorst, en hij ging naar de vijver om wat te drinken. Maar door de zware stenen in zijn buik viel hij voorover en hij verdronk in de vijver.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 375, verhaal 4
Commentaar
24 maart 1968
The Wolf and the Kids
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21