Hoofdtekst
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten.
Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt."
De feint en de faem moesten hûswarje.
Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?"
"Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar pankoeken ite. Mar dy forrekte papegaei dy forklikt alles."
De faem sei: "Ik wyt wol rie. Ik doch de koperen wasktsjettel oer de kouwe fan 'e papegaei hinne."
Doe't se dat dien hie, bigong se to pankoekbakken.
Sy hienen in hearlik miel togearre.
Doe't de boer en de frou wer thús wienen, sei de frou tsjin 'e papegaei: "Hoe is 't hjir hjoed gong?"
Doe sei de papegaei:
Doe't de hemel fan koper wie,
doe gong der de panne fan sisser-de-sis.
Doe woarden de boer en de frou yndachtich.

Onderwerp
VDK 0237B* - Toen de hemel van koper was   
Beschrijving
Een knecht en een meid hadden eens trek in pannenkoeken, op een avond dat de boer en zijn vrouw uit waren. Ze waren bang dat de papegaai hen zou verraden en de meid zette de koperen wasketel over de kooi. Toen de boer en zijn vrouw thuiskwamen, vroegen ze de papegaai hoe het geweest was. Hij zei: "Toen de hemel van koper was, ging de pan van sisser-de-sis."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 375, verhaal 5
Commentaar
24 maart 1968
Toen de hemel van koper was
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21