Hoofdtekst
Bigraffenis - boereplicht.
Yn Nyegea 4 buorrens: De Tike, de Westerein, de Hegewei en de buorren. Der wie in reglemint. Op 'e dei fan 'e bigraffenis kamen de dragers fóár de biïerdiging yn 't hûs njonken 't sterfhûs by elkoar, dat it tichtst by 't tsjerkhôf stie. Nei de bigraffenis kamen se yn 't hûs njonken 't sterfhûs dat it fierst fan 't tsjerkhôf ôf lei. Dus net yn 't sterfhûs sels. Dêr krigen se elk in hiele koeke (lyts model) en kofje. Wie der in man stoarn, dan seinen 2 manlju it om. Wie der in frou stoarn, dan seinen 2 froulju it om. It wienen de neiste buorlju dy 't dat dienen. Dy dienen it biklaeijen ek. It biklaeijen wie altyd in frou by. Nei 't biklaeijen krigen se in slokje. Twa fan 'e allerneiste buorlju gyngen nei 't gemeentehûs om de forstoarne útskriuwe to litten. Sy gongen ek nei de famylje fan de forstoarne. Allinne yn 'e buorren waerd rounsein. Yn guon gefallen gongen se wolris fierder. It waerd rounsein troch twa manlju as der in man stoarn wie, troch twa froulju, as der in frou stoarn wie. De skûteldoek, dêr 't it lyk mei wosken wie, kaem yn 'e kiste. Ek de hierkaem, it skearmes, de nuddel, ensfh. Strie kaem yn 'e lingte yn 'e kiste to lizzen. 't Lyk leinen se earst op strie yn 't bêdsté, neidat men it bêd der ôfnomd hie. Dit strie waerd letter opbrând. Hie men hwat noadich by de bigraffenis, dan liende men dat tsjin in lytse bileanning. Liende men in kofjemonne, dan waerd dy werom brocht mei kofje yn 't laedtsje. De kanarje waerd út 'e sterfkeamer brocht, der kaem in swarte doek oer de spegel, de klok waerd (net by alle minsken) stil set. De blommen kamen út 'e finsterbanken wei en de blinen dienen se ticht.

Beschrijving
Begrafenis-boerenplicht. In Nijega zijn er vier buurtschappen: De Tike, de Westerein, de Hegewei en de gehuchten. Er is een reglement, inhoudende dat op de dag van de begrafenis de dragers vóór de teraardelating in het huis naast het sterfhuis bij elkaar komen dat het dichtst bij het kerkhof ligt. Na de begrafenis komen ze in het huis naast het sterfhuis dat het verst van het kerkhof af ligt. Ze komen dus niet in het sterfhuis zelf. Daar krijgen ze een hele koek en koffie. Als er een man overlijdt, zeggen twee mannen het om. Als er een vrouw overlijdt, zeggen twee vrouwen het om. Het zijn altijd de naaste buren die dit doen, zij doen het beklagen ook. Bij het beklagen is altijd een vrouw aanwezig. Na afloop krijgt men wat te drinken. Twee van de naaste buren gaan naar het gemeentehuis om de overledene uit te laten schrijven. Zij gaan ook naar de familie van de overledene. Er wordt alleen aangezegd binnen de buurtschappen. In sommige gevallen gaat men wel eens verder. Er wordt aangezegd door twee mannen als er een man overleden is, en door twee vrouwen als er een vrouw overleden is. De doek, waamee het lijk is gewassen, wordt in de kist gelegd. Dit geldt ook voor de kam, het scheermes, de naald, enz. Men legt het lijk eerst op stro in de bedstee, waar men het beddegoed heeft weggehaald. Het stro wordt later verbrand. Als men wat nodig heeft bij de begrafenis, leent men dat tegen een kleine beloning. Als men bijvoorbeeld een koffiemolen leende, gaf men hem later terug met koffie in het laatje. De kanarie wordt uit de sterfkamer gebracht, er komt een zwarte doek over de spiegel, bij de meeste mensen wordt de klok stil gezet, de bloemen worden uit de vensterbank gehaald en de luiken worden dichtgedaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 385, verhaal 18 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 juni 1968
Naam Locatie in Tekst
De Tike   
de Westerein   
de Hegewei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21