Hoofdtekst
Yn Suwâld wenne in deagraver, dy hâldde der altyd bargen op nei en dy hied er samar fet. Net ien koe him bigripe hoe't er dat sa hie.
Der wennen yn Suwâld lju, dy hienen in famke, dêr wienen se o sa mâl mei. Sy hienen har in hiele greate moaije poppe jown, dêr't it famke altyd mei boarte.
Dat famke woarde siik en rekke dea. Sy bigroeven it bern mei de poppe der by.
Letter boarte it famke fan 'e deagraver mei de poppe. En dat seagen de âlden fan dat famke, dat bigroeven wie.
Sy gongen nei de deagraver ta en doe seinen se: "Hoe komme jo oan dy poppe?"
"Ik wyt it net", sei de deagraver.
De âlden woenen ha, dat it graef soe iepen makke wurde en dat gebeurde. Doe wie de kiste leech.
Doe moest de deagraver bikenne hwer't er 't bern brocht hie. Hy hie der de bargen mei fuorre.
Doe woarde de saek fierder ûndersocht. Oeral woarden de graven op it tsjerkhôf iepen makke. It wienen allegear lege kisten. De liken hied er allegear foar de bargen smiten.
Doe woarde it hûs fan 'e deagraver ûndersocht. Dêr stie in kast yn mei in kroantsje der op. Doe't se dy iepenmakken leinen dêr steapels linnense deadshimden yn. Doe koenen se krekt neigean hoefolle liken hy opgroeven hie.
De deagraver is in raer gat yngien.

Beschrijving
Niemand in het dorp begreep hoe het toch kwam dat de varkens van de doodgraver zo vet waren. Op een keer wilden de ouders van een jong meisje dat ze met haar pop begraven werd. Maar niet veel later zagen ze het dochtertje van de doodgraver met de pop lopen. Ze wilden dat het graf werd geopend. Het graf bleek leeg te zijn. Toen bekende de doodgraver de lijken nooit te begraven, maar voor zijn varkens te gooien. In de kast in zijn huis lagen stapels doodshemden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 394, verhaal 3
Commentaar
4 mei 1968
Naam Locatie in Tekst
Suwâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21