Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west.
Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne.
Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in omkearde skou. Hy tocht: "Dêr krûp ik ûnder." En dat died er ek.
De lûden dy't er heard hie, wienen fan syn beide arbeiders. Dy wienen der op út gong om him fan syn jild to biroven.
"Hè, hwat duorret dit lang", sei de iene. "Wy geane mar even op 'e skou sitten."
Hja sieten dêr togearre tsjin elkoar to praten. De boer koe alles hearre.
De oare arbeider sei: "As wy him aenst treffe, matte wy him fuortdaliks deameitsje en him de sinten ôfnimme."
Hja sieten in hiel skoft op 'e boat. Op 't lêst seinen se: "Dit wachtsjen duorret lang. Wy matte dy kant mar in eintsje út. Hy mat hjir lâns komme. Wy kinne him noait misrinne."
Doe't se in skoftsje fuort wienen, kom de boer ûnder 'e boat wei. Hy gong skeef oer om mar sa gau mooglik thús to wêzen. Hy roan as in hazze.
Doe't er by de doar kom, rôp er: "Gau! Gau! De doar los."
De frou tocht: Hwat spul is dit. Sy die de doar los.
"Hwat sjochstû der raer út!" sei se. "Hwat bistû wyt om 'e holle en hwat dochstû fremd. Hwer komstû wei?"
De boer sei: "Ik mat der earst yn, dan sil 'k dy alles fortelle."
Doe't er yn 'e hûs wie died er útlech. Sa en sa.
"Bigryp us," sei er, "myn beide arbeiders sieten op 'e skou en ik lei der ûnder en sy woenen my dea dwaen."
"Och, och," sei de frou, "mast se moarn beide dien jaen."
"Dat doch ik ek", sei er.
De oare moarns kommen de beide arbeiders by him lyk as gewoan. Sy seinen tsjin him: "Hwat matte wy dwaen, boer?"
Doe sei de boer: "Kom mar even yn 'e hûs. Dan sil 'k mei jimme ôfrekkenje."
"Hoesa, it is noch gjin saterdei, boer", sei de iene.
"Né," sei de boer, "mar ien dy't my deameitsje wol, dy wol ik net langer yn tsjinst ha. Jimme sieten justerjoun op de boat en ik lei der ûnder."
Doe rekken de beide arbeiders fuort.

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Een boer kwam eens terug van de markt, waar hij zijn koe had verkocht. Toen hij onderweg opeens stemmen hoorde, verstopte hij zich snel onder een bootje, want hij was bang van zijn geld beroofd te worden. Hij hoorde dat de twee pratende mannen precies op het bootje gingen zitten. Het bleken zijn eigen arbeiders te zijn die hem wilden vermoorden om hem zijn geld afhandig te maken. Pas na een hele tijd stonden de arbeiders op en liepen een stukje verder. Zo snel mogelijk liep de boer verder naar huis, waar hij alles aan zijn vrouw vertelde. De volgende dag vertelde hij zijn arbeiders wat hij gehoord had en ontsloeg hij ze.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 394, verhaal 2
Commentaar
4 mei 1968
De man onder de omgekeerde boot
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21