Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039701

Een sage (mondeling), zaterdag 11 mei 1968

Hoofdtekst

Der wie in man, dy wie troud. Syn frou rekke oan 't sukkeljen. Doe sei se us op in kear: "As ik hjir wei reitsje, dan hoopje 'k datst net wer trouste. Dat mast my bilove."
Hy sei: "Ast it graech wolste, dan biloof ik dy dat."
Hja rekke der ôf en de man seach net nei froulju om. Mar dat foroare letter. Doe kom er yn 'e bisoeking. En hy troude wer.
De jouns sieten se by elkoar. Sy wienen opfallend stil. Sy sei tsjin him: "Hwat bistû stil."
Hy sei der neat op.
Letter sei se nochris wer: "Hwat bistû stil. Hast der birou fan datst my troud haste?"
Nei in skoftsje sei er: "It is net om dy, dat ik sa stil bin. Mar ik ha myn frou biloofd dat ik soe net wer trouwe. En nou is 't hyltyd sa, dat ik tusken dy en myn earste frou yn rin. Dat kin 'k net wer kwyt wurde."
Sy hienen hwat melkbeestjes op. Deselde jouns, ûnder 't fuorjen, kom syn earste frou him opside. En dat wie alle jounen itselde. Hy bigong der min út to sjen.
Syn twadde frou sei: "Is 't ek better, dat wy út elkoar gean?"
"Né," seit er, "ik ha de bilofte forbrutsen. En de pleach bliuwt der wol."
Hy hat de pleach altyd by him hâlden.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een man beloofde zijn zieke vrouw na haar dood niet opnieuw te trouwen. Toen hij lang na haar dood die belofte verbrak, zag hij vanaf dat moment elke avond zijn eerste vrouw tussen hem en zijn nieuwe vrouw staan. Zijn nieuwe vrouw vroeg of hij dan wilde dat ze uit elkaar zouden gaan, maar hij zei dat hij nu eenmaal zijn belofte had verbroken, en dat niets dat meer ongedaan kon maken. En zo was het.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 397, verhaal 1

Commentaar

11 mei 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21