Hoofdtekst
In skoft letter, doe forkocht Fileman him oan 'e duvel. Hy mocht trije winsken dwaen, dan soed er eigendom fan 'e duvel wurde.
De earste winske fan Fileman wie dat er noch tûzen jier leve soe.
De twadde winsk wie in stoel mei in kessen, mar in hiel bysûndere stoel. Dy't dêr op siet, koe der sûnder him net wer ôf komme.
De trêdde winsk wie in parrebeam njonken 't hûs, mar, in hiel aparte parrebeam. Dy't dêr in par ôfkrige, dy soe sûnder him net wer fan 'e beam ôfkomme.
Doe't de tûzen jier om wienen, kom de duvel.
Fileman sei: "Nim my mar mei, ik wol wol fuort. Mar gean salang mar even op 'e stoel sitten wylst ik my klear meitsje."
Doe't de duvel goed en wol op 'e stoel siet, koe hy der net wer ôf komme.
Fileman forloste him, mar, dan moest er nòch tûzen jier leve. Dat nom de duvel fansels oàn, doe wie dy wer frij.
Doe wienen dan dy tûzen jier èk om. Doe kom de duvel wer. Hy sei: "Dû krigest my net wer. Meitsje dy klear." Doe wienen se togearre bûtendoar, doe sei Fileman: "Nou ha 'k noch ien winsk. Krij ús dêr elk even sa'n lekkere par ôf." En hy wiisde op 'e beam.
De duvel siet samar yn 'e beam om twa parren ôf to plukken, mar doe koe hy der net wer wei komme.
De duvel sei: "Forlos my!"
"Dat is goed," sei Fileman, "mar dan wol 'k nòch tûzen jier leve."
Dat stie de duvel ta. Mar it is net folbrocht, hwant in skoft letter ha se Fileman deasketten mei pyl en booch.

Beschrijving
Fileman verkocht zich eens aan de duivel. Hij mocht drie wensen doen. Zijn eerste wens was dat hij duizend jaar mocht leven. Zijn tweede wens was een stoel waar niemand zonder zijn hulp vanaf zou kunnen komen. Zijn derde wens was een perenboom waaraan iedereen zou blijven zitten, en pas los kon komen met zijn hulp. Toen de duizend jaren om waren, kwam de duivel. Fileman vroeg hem even plaats te nemen in de stoel. Op voorwaarde dat hij nogmaals duizend jaar zou leven, zou hij hem uit de stoel halen. Na weer duizend jaar kwam opnieuw de duivel. Nu vroeg Fileman hem twee peren uit de boom te halen. Weer zat de duivel vast, en weer beloofde hij Fileman duizend jaar te laten leven. Maar deze keer kwam dat niet uit, Fileman werd doodgeschoten met pijl en boog.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 400, verhaal 12
Commentaar
2 juni 1968
Naam Overig in Tekst
Fileman   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21