Hoofdtekst
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik wol dochs wer nei de oare kant ta." Hy wer oer de sleat en dêr roan er fierder.
Doe woarde er foar de twadde kear opnom en oer de sleat smiten. Hy sei: "Dat is doch donders" en hy roan wer in eintsje by 't wetter lâns, doe gong er wer oer de sleat en roan wer oan 'e goeije kant fierder, op 'e reed.
De trêdde kear gebeurde itselde. Hy sei: "Trije kear is skippersrjocht. Ik wol doch wer op 'e reed." Hy wer op 'e reed en sa gong er fierder.
Doe stie der in swart lyts mantsje foar him. Hy spriek dat mantsje oan, mar it sei neat werom.
Doe woarde er binaud, hy bigoun to bidden en to smeken. It mantsje woarde wei en hy is nei hûs ta roan sa hurd er koe.
Doe't er thús wie by syn mem hied er alle knopen fan 'e broek, fan 'e jas en fan 't baitsje, krekt as wied er strûpt.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een zuipschuit werd op de terugweg naar huis eens drie keer door de duivel opgetild en in het water gegooid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 401, verhaal 5
Commentaar
9 februari 1968
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Trije Roeden   
Foppe Jits   
Albert Scholte   
Fean   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Veen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21