Hoofdtekst
Pake fortelde, yn Houtigehage, by de Megielsreed, dêr wie in man, dy hie in koe forkocht; dy moest mei de boat mei. De nachts die er de koe oan 't tou en gong der mei op stap. Underweis moest er by in hage lâns. Dêr woarde dy koe samar opnom - ik hâldde him beet, sa fortelde er - en doe woarde dy koe oan 'e oare kant fan 'e hage wer delset. It tou siet dwars troch de hage hinne.
De man gong nei de oare kant ta. De koe trille as in rusk. Hy nom de koe wer mei op 't paed. Doe't er in eintsje fierder roan hie, woarde de koe wer opnom en dat gong wèr oer de hage hinne. Doe híj ek wer nei de oare kant ta.
En doe seach er hwat dêr to rêdden wie. Dêr hie in lykstaesje west, dy moèst er sjen. De koe hie him dêrhinne loadst. Dy hie makke dat hy 't seach.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een man was op een nacht met zijn koe onderweg. De koe kwam twee keer zomaar opeens aan de andere kant van de heg terecht. Op die manier zorgde de koe ervoor dat de man een lijkstoet te zien kreeg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 401, verhaal 6
Commentaar
9 februari 1968
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Megielsreed   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21