Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040307

Een sage (mondeling), zondag 12 mei 1968

Hoofdtekst

Op Healburd wenne in boerinne mei har soan. Dêr wie ek in faem, dy hiet fan Tiets.
Op in nacht woarde dêr ynbrutsen. It wienen de biruchte swartmakkers fan Burgumerheide. Brouwer hieten se. Abe Brouwer is noch út dat laech.
Sy wienen al yn 'e hûs. De soan wist noch krekt tusken de fekken yn 't hea wei to krûpen.
De boerinne bounen se oan in stoel fêst. Doe soenen se de faem pakke. Mar dy sei: "Ik sil jim wol sizze, hwer't de sieraden binne en it jild." En doe gong se mei harren nei 't kammenet en luts in laedtsje iepen. De boerinne, dy't fêstboun siet op 'e stoel klage en forwiet Tiets, dat dy har forrette.
De swartmakkers tochten ek dat Tiets harren hantlangster wie en bounen har net fêst. Sy koe sadwaende frij yn 'e keamer omrinne. Sy koe der net útkomme, hwant by elke doar stie in wacht.
De swartmakkers gongen nei 't hea ta en stutsen dêr mei foarken yn om, mar sy ha de soan net fine kind, hwant hy siet tusken twa fekken.
't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech snie. De boerinne en Tiets wienen op bleate fuotten en yn 't nachtjak.
Tiets gong nei 't bêdsté en op bêd. De swartmakkers wisten net dat dêr in lûkje yn siet, dat yn 'e kelder útkom. Dêr wrotte Tiets har troch. Doe't se yn 'e kelder wie, skoude se gau it finster omheech en gong dêrtroch nei bûten ta.
Hja fleach op har bleate fuotten troch de snie nei de neiste buorlju ta.
De oare deis by ljocht ha se de fuotstappen metten. Hja mat hiele greate sprongen troch de snie dien ha. Hja makke alle folk dêrnjonken wekker en mei man en macht ha se doe de swartmakkers topakken krige. Tiets (de Wilde) woarde datselde jiers noch húshâldster by Okke Tietes Bosgra, beamkweker op 'e Burgumer Nijstêd. It oare jiers 1813 is se mei him troud.
Ien fan de swartmakkers hat har letter formoardzje wold, mar ek doe wie se net bang. Se seach dyselde lyk yn 't gesicht en hy is wer ôfset.


Beschrijving

Op een boerderij werd eens ingebroken. De boerin werd vastgebonden. De meid liet de rovers zien waar de sieraden lagen, en deed alsof ze op hun hand was. Ze ging zogenaamd vanwege de kou in de bedstee liggen, en klom daar via een luikje naar de kelder. Daarvanuit kon ze ontsnappen en de buren wakker maken. Met man en macht is ze toen teruggekomen en hebben ze de rovers te pakken genomen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 403, verhaal 7

Commentaar

12 mei 1968

Naam Overig in Tekst

Healburd    Healburd   

Tiets de Wilde    Tiets de Wilde   

Abe Brouwer    Abe Brouwer   

Burgumer Nijstêd    Burgumer Nijstêd   

Okke Tietes Bosgra    Okke Tietes Bosgra   

Naam Locatie in Tekst

Burgumerheide    Burgumerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21