Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040308

Een sage (mondeling), zondag 12 mei 1968

Hoofdtekst

Wy hawwe in broer hawn, dy hiet fan Okke. Hy is fordronken wylst er to riden wie op 't iis.
Ik en myn suster slepten yn 'e keamer hjir foar yn 't bêdsté. Wy ha in pear nachten fan tofoaren alles dúdlik heard. Wy hearden guon by de doar kommen en ien dy't hiel bot kleide.
In nacht letter hearden wy dat guon de fuotten fagen by de foardoar en dat der hwat swiers ta de gong yn skoud woarde. Dat kom by ús bêdsté to stean.
Doe hearden wy guon sunich praten.
Fuort letter fordronk ús broer. Hy wie noch in jongfeint en wy wienen fan dy greate bern.
Sy ha 't lyk by ús yn 'e keamer set foar 't bêdsté.
It skouwen fan it deafet joech krekt deselde lûden, dy't wy fan tofoaren heard hienen.


Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Twee zusjes hoorden op een nacht geluid bij de voordeur, zacht gepraat, en dat er iets voor hun bedstee geschoven werd. Een paar dagen later is hun broer verdronken. Toen ze zijn lijk brachten, praatten ze zachtjes, en de kist werd voor de bedstee gezet.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 403, verhaal 8

Commentaar

12 mei 1968
Andere Todesvorzeichen

Naam Overig in Tekst

Okke    Okke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21