Hoofdtekst
Yn Ychtenerbrêge (Echtenerbrug) sieten us trije man yn 'e herberge by in slokje. It wienen o sokke rûge mannen. Sy leauden gjin fan trijen oan 't opperwezen.
De iene sei: "As der in God is, dan soe 'k wol us tekens sjen wolle oan myn bern."
Dy man hiet Rouke Kuipers. Hy is letter troud en hat fiif bern hawn, dêr't alle fiif hwat oan skeelde.
De âldste soan roan oer beide siden, de oare soan hie in lam hantsje en sa hienen se allegear hwat.
De twadde dêr yn 'e herberch op Ychtenerbrêge sei: "As der in God is, dan mei it gebeure, dat ik op klompen de ivichheit yn gean."
Hy wie in kear by de skipper to praten west. Miskien hied er in slokje hawn. Yn elk gefal, hy rekke by de planke del yn 'e feart. Doe't se him der út hellen wied er dea. Doe hied er de klompen oan.
De trêdde siet us in kear yn 'e hûs. Hy hiet fan Koopmans. Hy hie twa bern op 'e knibbels. It wie ûnwarich en 't reinde dat it spielde. Hy hie hea lizzen en doe't it sok waer woarde, skodde er mei de fûst omheech en flokte it Opperwezen út.
Tagelyk waerd er troffen troch de wjerljocht en hy wie fuort dea. De beide berntsjes op syn knibbels skeelde neat.
Doe ha dy minsken sein: "Nou sjogge wy wol, dat der hwat bistiet." Sy binne omkeard.

Beschrijving
Er waren eens drie ongelovige mannen. De eerste zei dat als er een God was, hij dan wel tekens aan zijn kinderen zou zien. Hij kreeg vijf kinderen, en met elk van hen was er iets mis. De tweede man zei dat als er een God was, hij op klompen de eeuwigheid in zou gaan. De man verdronk toen hij eens van een bruggetje afviel. Toen ze zijn lichaam uit het water haalden, had hij klompen aan. De derde man vervloekte het Opperwezen toen het slecht weer werd terwijl zijn hooi nog buiten lag. Meteen werd hij door de bliksem getroffen, terwijl de twee kinderen op zijn schoot niets scheelde.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 403, verhaal 9
Commentaar
12 mei 1968
Naam Overig in Tekst
Rouke Kuipers   
Naam Locatie in Tekst
Ychtenerbrêge   
Echtenerbrug   
Koopmans   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21